Jonges bekenne driichtweet

02 apr 2012 - 12:32
  • It Bogerman Kolleezje yn Snits

Trije learlingen fan 15 en 16 jier fan it Bogerman Kolleezje yn Snits hawwe bekend dat se freed as 'grapke' in driichtweet stjoerd hawwe. Dy waard troch de plysje sa serieus naam dat moandei tsientallen plysjes op skoalle wiene om tafersjoch te hâlden. Der waard drige mei it yn de brân stekken fan de skoalle en der soe geweld brûkt wurde.

De bewizen tsjin it trijetal steapelen harren moandei by it ûndersyk op. Se binne út skoalle weihelle en nei it plysjeburo oerbrocht. De fertochten komme út Snits, Toppenhuzen en Starum.

De jonges hawwe moandeitemiddei in ferklearring ôflein. Dêrnei binne se frijlitten. It proses-ferbaal giet nei it iepenbier ministearje. Dat bepaalt oft der in strafsaak komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)