Plan fiskers en natuerklups

28 maaie 2010 - 16:00
  • It plan waard presintearre op de LO17

Yn Lauwerseach binne freed de earste plannen foar duorsume Waadfiskerij presintearre. It plan is al oan minister Verburg jûn. Natuerbehearders en Waadfiskers hawwe it plan mei-inoar skreaun. Noch net sa lang lyn stiene de fiskers en de natuerbeskermers noch tsjininoar oer.

Beide partijen witte dat se ferlet hawwe fan in Waadsee dy't riker is oan fisk as no. Se moatte noch wol te set oer hokker gebieten iepensteld wurde foar fiskerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)