Fûgels ûnfruchtber fan 'GPS'

28 maaie 2010 - 11:51

De stjoerders yn 'e Fryske skriezen lykje te wurkjen as antykonsepsjemiddel. Dat seit ekolooch Hooimeijer fan 'e Ryksuniversiteit Grins.

Ferline jier krigen fyftjin skriezen yn Súdwest-Fryslân in stjoerderke yn it lyfke. Dêrmei kin sjoen wurde hokker rûte de fûgels fleane en wêr yn Afrika se oerwinterje. Fan 'e fyftjin skriezen binne der noch trettjin oer. Al dy trettjin hawwe gjin nêsten makke en aaien lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)