Nije spilers Harkemase Boys

28 maaie 2010 - 11:19

Harkemase Boys hat foar takom seizoen twa nije spilers fêstlein. It giet om Mart Dijkstra en Jan Jonker. Dijkstra komt oer fan de beloften fan FC Grins. De 19-jierrige ferdigener kin op it middenfjild ek út 'e fuotten. Hy hat de hiele jeugdoplieding fan Grins trochrûn.

Jonker komt oer fan Sport Vereent, dat útkomt yn de fjirde klasse snein. Op foarspraak fan Oebele Schokker mocht er in pear wike mei traine en de spits hat in goede yndruk makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)