Airbags út 30 auto's stellen

By in garaazje oan de Kattbos op It Hearrenfean binne tongersdeitenacht út tritich auto's de airbags stellen. De auto's binne iepenbrutsen. De plysje rûst de skea op mear as 50.000 euro.
Om op it terrein te kommen, knipten de dieven in stek iepen. In 53-jierrige meiwurker fan it bedriuw hat oanjefte dien. Neffens de plysje giet it om in profesjonele binde. Dat kin opmakke wurde út de manier hoe't se te wurk gien binne.