Snitser rydt fierste hurd

28 maaie 2010 - 10:12

De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan in 23-jierrige autobestjoerder út Snits. De man waard by De Jouwer trapearre mei 139 kilometer op 'e teller. Dêr mei mar 80 kilometer yn 'e oere riden wurde.

By de oanhâlding die bliken dat twa fan 'e bannen fan de auto glêd wiene. Boppedat wie de APK ferrûn. Dêrfoar hat de Snitser in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)