Boarnsterhim: wer besunigje

Boarnsterhim moat wer ekstra besunigje foar de begrutting foar 2015. Dat sei wethâlder Van Beek by de presintaasje fan 'e maitiidsnota 2010. De gemeente hat krekt 4,8 miljoen euro besunige. Ut de nota docht no bliken dat de útjeften wer struktureel omheechgean. Dat komt troch saken dy't de gemeente wetlik ferplichte is út te fieren.
Dit jier binne der noch tafallers, mar yn 2011 en 2012 net. De nije besuniging moat mear as 2 miljoen euro opsmite.