Akkoart oer oanlis diken

28 maaie 2010 - 06:41
  • Rotonde De Jouwert sil ferdwine

De provinsje hat mei it Ryk oerienstimming berikt oer de oanlis fan de rotonde by De Jouwer, de traverse by Harns en de oanlis fan de heak om Ljouwert. Der binne noch in pear saken dy't regele wurde moatte. De gedachte is lykwols dat minister Eurlings fan Ferkear it akkoart sneon tekenje sil. It akkoart stie faai om in konflikt oer in ekstra bydrage fan 40 miljoen euro troch de provinsje. Dat is no oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)