Stipe foar bettere fiskstân

27 maaie 2010 - 17:26

Wetterskip Fryslân nimt ekstra maatregels om de fiskstân yn Fryslân te ferbetterjen. Ein 2009 hat it Wetterskip foar de tredde kear ûndersyk dien nei de fiskstân. Ut dat ûndersyk die bliken dat der gjin grutte ferbettering kaam is, wylst de gemyske kwaliteit fan it wetter wol ferbettere is.

De ûndersikers fûnen yn totaal goed 26 fisksoarten, mar op in soad plakken is it ferskaat noch te min. Der is noch hieltyd te folle blei yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)