Kabelbreuk by UPC

27 maaie 2010 - 15:07

Troch in kabelbreuk sitte sa'n 8.000 klanten fan UPC tongersdei sûnder de tsjinsten fan televyzje, telefoan en ynternet. It giet om in diel fan Ljouwert en plakken as Stiens, Harns en de Trynwâlden. It is noch net dúdlik hoe't de breuk ûntstien is.

Minsken fan UPC binne drok dwaande om it probleem op te lossen. Twatûzen minsken kinne yntusken wer gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan UPC. De ferwachting is dat jûn om acht oere it probleem foar elkenien oplost is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)