Soargen om takomst swimbad

Swimbad De Frosk wurdt mooglik ferkocht
It foarnimmen fan Dantumadiel om swimbad de Frosk yn De Westereen mei yngong fan takom jier te sluten falt ferkeard by de brûkers. Neffens foarsitter Albert Wybenga betsjut dat de ein fan de 130 leden tellende swimklup ZPD Dantumadiel. De Frosk wurdt alle dagen folop brûkt foar ûnder oare swimlessen.
De gemeente moat de kommende jierren lykwols bot besunigje en siket in keaper foar it mear as tritich jier âlde swimbad.