Jansma mooglik nei oar lân

27 maaie 2010 - 10:55

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein komt takom winter mooglik út foar in oar lân. Hy is hifke troch ferskate partijen dy't de remmer graach yn har ploech ha wolle. Echt konkreet is it op dit stuit noch net, mar Jansma tinkt der wol oer nei.

De tarieding op it nije seizoen begjint yn juny en dêrom wol er graach fluch dúdlikheid. Yn Nederlân is noch in soad ûnwis, om't noch net bekend is oft piloat Edwin van Calker trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)