Debat op Omrop Fryslân-tv

27 maaie 2010 - 10:14
  • Femke Halsema nimt it op tsjin seis manlju

De listlûkers fan sân grutte partijen sille tongersdeitemiddei yn it Akademygebou fan de RUG yn Grins mei elkoar yn debat. De diskusje wurdt streekrjocht útstjoerd op televyzje troch Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord en is fan 16.00-18.00 oere.

De earste oere giet oer lanlike ûnderwerpen. Dêrnei komme noardlike items oan bod, lykas de leechrin fan it plattelân, de foarming fan ien noardlik lânsdiel en de mooglike opslach fan CO2 yn it Noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)