Fytser (15) botst op auto
In jonge fan 15 jier út Drachten is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer fytste út in brângong wei samar ynienen De Zwaai op. In 62-jierrige automobilist dy't dêr ried, koe de jonge net mear ûntwike en botste boppe op him.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.