Strjitrôvers yn Snits oppakt

De plysje hat woansdeitejûn yn it sintrum fan Snits twa minsken oanholden foar berôving. It giet om in 17-jierrige ynwenner fan Reduzum en in 20-jierrige Snitser. Surveillearjende plysjes seagen by de Wetterpoarte in man op 'e grûn sitten dy't mooglik net goed wurden wie.
Bliken die dat de man it slachtoffer wurden wie fan in strjitrôf. De man en omstanners joegen in sinjalemint fan de dieders en dy koene letter oppakt wurde. Se sitte fêst op it plysjeburo.