Sterk begjin Marit Bouwmeester

26 maaie 2010 - 23:14

Marit Bouwmeester hie in sterke earste dei op de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De sylster út Warten yn de Laser Radial wûn twa races en waard ien kear fjirde. Brechtje van der Werf fan Snits hie mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes in 100% skoare by it matchracen. It trio wûn al har fjouwer wedstriden.

Roelof Bouwmeester stiet nei de earste dei fan dizze wrâldbeker yn de Laser op it 16e plak. Pieter-Jan Postma is yn de Finn-klasse tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)