Raerderhimruters wer teplak

26 maaie 2010 - 22:23

De Raerderhimruters hawwe wer in eigen bûtenbak. Fjouwer jier ferlyn moasten se Poppenwier ferlitte fanwege in útwreidingsplan. Der waard lang socht nei in oar plak en dat woe mar net slagje.

Nei lang praten op it gemeentehûs fan Boarnsterhim foel it each op it picknickplak krekt bûten Raerd, it eartiidske jiskelân. Woansdeitemiddei waard de nije ruterbak offisjeel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)