Bart Helmholt: hast 20 meter

26 maaie 2010 - 22:14

Bart Helmholt waard mei syn earste sprong fan 19.98 de winner fan de fjirde wedstriid fan it seizoen yn It Heidenskip. De Burgumer seach dat Hannes Scherjon fan Noardburgum in bettere searje delsette, mar net fierder kaam as 19.55.

By de froulju pakte Hiske Galama fan De Haule mei 14.65 de deititel. Nard Brandsma wie yn syn eigen doarp in klasse apart by de junioaren: 18.80. Gregor Boelens fan Baaium wie mei 15.82 wer ris de bêste by de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)