Gjin fergoeding pealrot

26 maaie 2010 - 21:08
  • In mearderheid fan de steaten stimde tsjin in fergoeding foar pealrot

Der komt foarearst gjin jild foar minsken dy't skea ha troch pealrot. De mearderheid fan de steaten stimde woansdei tsjin in útstel fan de SP, de FNP en de ChristenUnie. Dy partijen wolle dat de provinsje in kwart fan de skea fergoedet mei in maksimum fan tsientûzen euro per gefal.

De VVD, it CDA en de PvdA fine dat bedrach in kadootsje foar de minsken dy't in soad jild ha en der sa fan profitearje kinne. De PvdA komt ynkoarten mei in eigen útstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)