Talantkrante oer ferkiezings

26 maaie 2010 - 20:16

Kliïnten fan soarchgroep Talant krije in temakrante oer de polityk en de lanlike ferkiezings fan 9 juny. Op dizze wize helpt Talant de kliïnten by har kar om te stimmen. De temakrante is ynformatyf en leit ûnder oare út wat de Twadde Keamer is, wa't der stimme meie en hokker politike partijen der binne.

Ek kinne de kliïnten fan Talant op 1 juny noch nei in politike jûn yn it gemeentehûs fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)