Kaartferkeap Oerol rint stoarm

26 maaie 2010 - 15:44

Kaarten foar Oerol binne digitaal al hast net mear te krijen. De ferkeap fia ynternet is tiisdei begûn. It earste wykein is al sa goed as fol. De helte fan de 100.000 kaarten wurdt yn it foar oanbean, earst oan de Freonen en dêrnei fia ynternet. De oare 50.000 kaarten wurde op 9 en 10 juny yn it foar ferkocht op it eilân sels. Ek op de dei sels kinne noch kaarten foar de foarstellings kocht wurde.

It festival op it eilân is fan 11 oant 20 juny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)