Earejild foar Tiny Mulder

26 maaie 2010 - 15:11

Tiny_Mulder hat fan it Nederlands Letterenfonds in wichtige erkenning krigen. De Fryske skriuwster krijt tenei jierliks 7500 euro oan earejild. Dat earejild wurdt troch it fûns takend oan âldere skriuwers en oersetters as in bekroaning op har wurk.

Tiny Mulder krijt de erkenning foar har grutte ferskaat Fryske bydragen oan de literatuer yn Nederlân. It fûns neamt har gedichten, berneboeken en har bekende roman Tin iis as foarbylden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)