Boek fan Meeter oer syn heit

26 maaie 2010 - 14:12

De skiednis fan de skippersfamylje Meeter is fêstlein yn in boek. Eildert Meeter (68), soan fan de ferneamde skipper Lodewijk, hat de ferhalen fan syn jeugd optekene.

Yn it boek stiet de haat-leafde ferhâlding mei syn heit sintraal. Heit Lodewyk swaaide de skepter, koe gjin tsjinspraak ferneare en sels syn eigen famylje moast it bytiden ûntjilde. De famylje is bot belutsen by it skûtsjesilen. It Huzumer skûtsje is sûnt 1966 yn hannen fan de Meeters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)