Nijbou foar Atsma sierbeton

26 maaie 2010 - 11:48

It bedriuw Atsma Sierbeton is útein set mei de bou fan in nije bedriuwshal. Dy komt te stean op in bedriuweterrein by Nijehaske. It bedriuw sit no noch yn Twellingea, mar hat dêr gjin romte om út te wreidzjen.

De earste peal foar de nijbou waard woansdei slein troch de pakesizzer fan eigner Gerrit Atsma. Doel is dat it bedriuw yn de boufak nei it nije gebou ferhuzet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)