Flaggesintrale set ôf yn Sina

26 maaie 2010 - 11:42

De Dokkumer Flaggesintrale wol grut wurde yn Azië. It fabryk liket in grutte oarder út Sina binnen te heljen. Earder mocht it bedriuw al de flaggemêsten foar de Olympyske Spelen leverje.

No is de sintrale yn de race foar de Asian Games, it sportevenemint foar alle Aziatyske lannen. It soe gean om 5000 mêsten. Derneist levert it bedriuw hieltyd mear mêsten oan skoallen, ambassades en bedriuwen yn Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)