59 Reaksjes op wethâlder Harns

Foar de funksje fan wethâlder yn Harns binne 59 gadingmakkers. Dat makke de gemeente bekend. Under de kandidaten binne tsien froulju. De 59 melden har nei oanlieding fan in advertinsje dy't twa wike lyn yn de krante stie.
Der wurde twa wethâlders socht dy't de polityk tichter by de Harnzers bringe moatte. In fertrouwenskommisje besjocht de brieven en hâldt dêrnei sollisitaasjepetearen. Doel is dat de nije wethâlders op 7 july beneamd wurde troch de gemeenterie.