Minder auto's yn Ljouwert

25 maaie 2010 - 22:44

It oantal auto's yn de spits by Ljouwert moat mei 5 prosint werom brocht wurde, oars is de stêd ynkoarten net mear berikber. Dat kin allinne as organisaasjes en bedriuwen oergean op thúswurkjen en fergaderje fia ynternet.

It autoferkear yn en om Ljouwert moat de kommende jierren rekken hâlde mei noch folle mear opûnthâld fanwege wurk oan de diken. Alle grutte bedriuwen yn en om Ljouwert hinne sette har yn om minder auto's de stêd yn te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)