Tomaten fier ûnder kostpriis

25 maaie 2010 - 17:00
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Yn 'e tomatekwekerij wurde falliseminten ferwachte. De kwekers barre op it stuit in priis dy't fier ûnder de kostpriis leit. De ekonomyske krisis is foar it twadde jier op rige ien fan 'e oarsaken. Fierders wie it waar te lang te kâld en dan ite minsken minder tomaten yn salades.

As oplossing komt der mooglik in webside dy't kweker en keaper byinoar bringt. Dan is der gjin tuskenhandel mear dy't ek jild kostet. Yn Fryslân binne acht tomatekwekers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)