Bewenners sloopwenten bliuwe

25 maaie 2010 - 14:22

De bewenners fan 'e sloopwenten oan 'e Falkstrjitte yn Drachten wurde noch net útset. Antykreakbehearder Carex hie easke dat se de kaaien tiisdei ynleverje moasten. Se krije no oan takom wykein ta de tiid út 'e huzen wei te gean.

Der is alternative wenromte oanbean, krekt bûten Drachten. Guon bewenners fine dat eigner, wenningboukorporaasje Accolade, foar huzen yn Drachten soargje moat. Mar dy wol net tusken de bewenners en Carex yn stean gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)