Drafbaan hat nije eigners

25 maaie 2010 - 12:27

De drafbaan yn Wolvegea is definityf yn nije hannen oergien. De papieren foar de oerdracht binne freed ûndertekene. De nije eigners binne hynstefokkers Casper Veldink en John Bootsman.

De nije eigners wolle de drafbaan wer rendabel meitsje troch bettere ôfspraken mei drafsportorganisaasje NDR en mei de organisaasje dy't de weddenskippen regelet. Der komme mear grutte koersen en dêr moat mear prizejild útkeard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)