Nierstiensintrum yn Snits

25 maaie 2010 - 11:35

It Antonius Sikehûs yn Snits begjint mei in nierstiensintrum mei in nije nierstienfergruzer. It apparaat jout doktoaren in folle better byld fan 'e nierstiennen en dat helpt by it fuortheljen. Nierstiennen waarden eartiids mei in operaasje derút helle. Dat is mei dit apparaat net nedich, omdat it de nierstiennen fuortbaarnt.

It sikehûs wurket yn it sintrum gear mei sikehuzen yn Drachten en op It Hearrenfean. Minsken dy't dêr komme kinne yn Snits daliks holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)