Jeugdynternasjonals nei H'fean

© Omrop Fryslân
It frouljusteam fan sportklup Hearrenfean krijt der twa jeugdynternasjonals by.
De 18-jierrige keepster Roxanne van der Berg komt oer fan AZ. Shanice van de Sanden spile it ôfrûne seizoen foar FC Utrecht en die ek mei oan it EK. Van de Sanden is 17 jier en spilet yn de oanfal. Hearrenfean einige it ôfrûne seizoen as lêste en rekket tsien spylsters kwyt.