Wolvegea: man bedriget jonges

In 31-jierrige man út Wolvegea is oppakt om't er in groep jonges bedrige hat. De jonges wiene op de Pieter Paulus Rubenstrjitte yn Wolvegea oan it fuotbaljen doe't de fertochte op harren ôfkaam. Hy wie yn 'e war en mooglik ûnder ynfloed. Hy fernielde in fyts fan ien fan 'e jonges en naam in oare fyts mei.
De jonges giene de man achternei. Op in brechje op 'e Lepeltjesheide hellen se him yn en warskôgen de plysje. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.