Man mei holle út autodak

In man fan 21 jier út Harns is sneintejûn oanholden foar bedriging. Plysjes seagen op de N31 rjochting Harns in auto riden. De Harnzer stie mei in 27-jierrige stedsgenoat rjochtop yn 'e auto, wêrby't de holle út it dak stuts. De plysje sette se oan de kant en joech de twa in boete.
De 21-jierrige man reagearde agressyf en bedrige ien fan de plysjes. De Harnzer waard dêrop oanholden en nei it buro brocht.