Mishanneling yn Snits

24 maaie 2010 - 14:15

Fjouwer man hawwe yn de nacht fan freed op sneon in Snitser slim mishannele. Om healwei tsienen hinne krige de man klappen yn de buert fan de snackbar op de Bolswarderweg. De man bedarre op de grûn en krigen skoppen tsjin de holle.

De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan de mishanneling. De man is mei letsel nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)