Pinksterfeest yn Feankleaster

In nije oanpak en it oars winnen fan frijwilligers docht fertuten by de organisaasje fan it tradisjonele Pinksterfeest yn Feankleaster. Nei in perioade fan te min bestjoersleden en frijwilligers draait de organisaasje no wer soepel. Dat is nedich want ek dit jier binne wer in pear tûzen minsken nei it Feankleasterbosk kommen foar it Pinksterfeest.
De besikers kinne genietsje fan muzikale optredens, keunst en iepenlofttsjinsten.