Ferpleechhúsplakken De Lemmer

24 maaie 2010 - 11:31

Op De Lemmer binne plannen foar de bou fan 19 ferpleechhúsplakken en 17 apparteminten. Dêrfoar sil de besteande De Vriesstrjitte ferdwine en wurdt der oan de noardkant fan de winkels oan de Fiskersbuorren in nije strjitte oanlein. It bouplan is in inisjatyf fan Plantein en Lyaemer Wonen.

Der wiene al earder plannen foar de bou, mar doe waarden de tekeningen ôfwiisd. De oanpaste plannen wurde nije wike yn de gemeenteried besprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)