Oentsjerkster(20) ferûngelokke

(Foto: Alex Zwart)
By in iensidich ûngelok op de Canterlandsewei by Miedum is sneintejûn let in man fan 20 jier om it libben kaam. De man út Oentsjerk rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. Hy kaam tsjin in beam ta stilstân.
Meiwurkers fan de helptsjinsten hawwe besocht de man de reanimearjen mar dat is net slagge. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. It ûngelok barde by de brêge oer it Miedumer Djip.