Tryaterdekôr ferlern nei brân

Teaterselsskip Tryater is slim dupearre troch in brân yn in frachtwein. Dy stie parkeard yn it gebou fan Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert. De dekôrstikken fan de iepeningsfoarstelling fan Oerol Master & Margarita binne ferlern gien. De frachtwein mei it dekôr baarnde folslein út. Ek oan it gebou fan Tryater ûntstie grutte skea. De grutte seal rûn wetterskea op. De brân yn de nacht fan snein op moandei is mooglik ûntstien yn in krat mei doeken.