Tresoar werom nei jierren 50

Yn Tresoar yn Ljouwert wurdt dizze simmer de tentoanstelling 'De wonderjaren in Tresoar' opset. Dêryn is it mooglik om de 50'er jierren, de tiid fan de weropbou, troch de eagen fan in 10-jierrige jonge te sjen. Yn it museum binne ûnder oaren in hûs, skoalle en bioskoop út dy tiid te sjen.
Neffens de organisaasje is de tentoanstelling bedoeld foar jong en âld. Ek sil der in Frysk tintsje te finen wêze yn de literêre hoeke.