Kafee Noardburgum útbaarnd

(foto: Henk Koster)
Oan de Sânhústerwei yn Noardburgum is sneintemoarn betiid kafee-snacbar De Oanrin útbaarnd. Der wiene op dat stuit gjin minsken mear oanwêzich. Wol soene twa hûnen omkommen wêze. De brânwachtkorpsen fan De Westereen en Gytsjerk koene it pân net mear rêde.
Om de brân goed te bestriden wie ek in heechwurker út Ljouwert ynset. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.