Meiprate oer nij Thialf

Prate oer de takomst fan Thialf (foto: Martin de Jong)
De risseltaten fan de twa maatskiplike debatten oer in nij Thialf, wurde takom wike moandei presintearre en oanbean oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean. Yn april wiene der op it Hearrenfean twa byienkomsten dêr't ynwenners en ûndernimmers meiprate koene oer de plannen foar in nij Thialf-stadion.
Nijbouwe by it Abe Lenstrastadion is neffens in ûndersyk de bêste opsje, mar ek de djoerste, 120 miljoen euro.