Thomas Helmholt wint yn Burgum

23 maaie 2010 - 12:36

Thomas Helmholt hat de tredde fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. Op syn eigen skâns yn Burgum sprong hy in nij persoanlik rekôr: 19.27. Broer Bart Helmholt ljepte 18.69. By de froulju wie de winst foar Hilianne van der Wal fan Noardburgum mei 14.43, in persoanlik rekôr. Nard Brandsma fan It Heidenskip wûn by de junioaren, Gregor Boelens fan Baaium by de jonges.

De wedstriid yn Burgum waard ôfbrutsen nei't junior Edde Wolters by syn útsprong hiel raar delkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)