Hearrenfean pakt fytsen oan

23 maaie 2010 - 09:49

De gemeente Hearrenfean sil tongersdei by it stasjon en de KR Poststrjitte ferkeard stalde fytsen fuort helje. Neffens de gemeente wurdt fytsestellerij yn de hân wurke at minsken har fyts samar oeral delsette.

Boppedat liket it rommelich en is foaral it stasjonsgebiet minder goed berikber. Woansdei krije alle ferkeard parkearde fytsen in label. As se tongersdei net fuort binne, nimt de gemeente Hearrenfean de fytsen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)