Weening net by de bêsten

Pieter Weening koe yn de 14e etappe fan de Ronde fan Italië net mei de bêsten mei. Yn de rit oer 205 km mei de beklimming fan de Monte Grappa (1675 meter) moast de ynwenner fan De Harkema hast tolve minuten tajaan op winner Vincenzo Nibali. De Italiaan kaam solo oer de einstreek. Grinslanner Bauke Mollema ferlear mar rom twa minuten.
Yn it klassemint stiet Weening no op it 27ste plak, 25.34 achter de nije lieder David Arroyo fan Spanje.