Alkoholkontrôles yn Fryslân

De plysje hat freedtenacht yn de hiele provinsje wer alkoholkontrôles hâlden. By de boat nei Skylge moasten 24 minsken blaze, mar der wie net ien by dy't te folle dronken hie.
By oare kontrôles waard yn trije gefallen it rydbewiis ynnommen. Dat jilde foar in 19-jierrige Ljouwerter, in 27-jierrige Drachtster en in 22-jierrige man út Sweagerbosk. Sy hiene twa kear safolle dronken as tastien.