Untsnapte kalkoengier op dak

22 maaie 2010 - 13:43

De kalkoengier dy't al in pear dagen fermist wurdt by Aquazoo yn Ljouwert siet sneon by minsken oan de Rixtwei yn de Ljouwerter wyk Westeinde op it dak. De bistefersoargers fan Aquazoo besochten de fûgel mei in deade hin as lokmiddel te fangen, mar dat slagge net.

De fûgel kaam net fan it dak ôf, mar is wer fuortflein. De syktocht giet dus wer fierder. De fûgel is neffens de fersoargers net gefaarlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)