Tsjerke Teridzert opknapt

22 maaie 2010 - 13:15

Nei goed 40 jier wurdt de tsjerke yn Teridzert wer yn gebrûk naam. Nei jierren fan restaurearjen is it gebou wer goed genôch om aktiviteiten yn te organisearjen. Sneinske tsjerketsjinsten wurde der net mear hâlden, mar it is wol mooglik om rou- en troutsjinsten te hâlden.

Fierder sil de tsjerke him mear rjochtsje op edukaasje en kultuer. De pleatslike kommisje hopet dat der yn de takomst ek konserten en toaniel-foarstellings yn de tsjerke komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)