Brêge Easterwâlde letter klear

22 maaie 2010 - 12:57

De haadbrêge fan Easterwâlde is letter klear as de bedoeling wie. De provinsje hat koartlyn bepaald dat de brêge better fergrindele wurde moat as er iepen stiet. It wachtsjen is no op in oplossing. Dat bestjut dat de brêge net yn juny al wer brûkt wurde kin sa't earst de bedoeling wie.

De measte boatsjes kinne wol gewoan ûnder de brêge troch. De brêge moat yn alle gefallen foar de boufak klear wêze. Oant dy tiid bliuwt de dyk ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)