Loer fuort by Harkemase Boys

22 maaie 2010 - 11:45

Dennis Loer (26) giet fuort by sneonstopklasser Harkemase Boys. De wetterflugge rjochtsback spilet takom jier foar WKE út Emmen. Harkemase Boys is bot teloarsteld oer de oergong omdat Loer op 'e klup sei dêr dat er fanwege knibbelklachten twifele oer ophâlde of fierder gean op in leger nivo.

Foarsitter Pieter Spinder neamt de oergong in 'mes yn 'e rêch'. Trainer Henk de Jong fynt it 'by de beesten ôf'. Loer wol sels net reageare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)